Sam Larsson ferlit SC Hearrenfean foar Feyenoord

19 aug 2017 - 17:05
Sam Larsson - Foto: AWfoto.nl

Sam Larsson ferhuzet fan SC Hearrenfean nei Feyenoord. De ploegen binne it iens wurden oer syn transfer, hy giet foar sa'n fjouwer miljoen euro oer nei de Rotterdammers. Begjin nije wike sil hy dêr presintearre wurde. It wie al langere tiid bekend dat Larsson fuort gean soe. Hy siet ferline wike by de earste kompetysjewedstriid ek net by de seleksje.

Der waarden ek klups neamd út Dútslân en Spanje, mar Larsson bliuwt dus yn Nederlân. Earder gong Hearrenfeanspiler Jeremiah St. Juste ek al oer nei Feyenoord.

(Advertinsje)
(Advertinsje)