Bûtenpost wint yn de earste bekerronde fan Deurne mei 4-3

19 aug 2017 - 16:59
Bûtenpost hie hjoed gjin reden ta juichen - Foto: Twitter Pieter van der Woude

Bûtenpost hat de earste ronde yn de beker mei 4-3 wûn fan ZSV út Deurne. Bûtenpost miste yn de 28e minút in penalty en krige dêrnei ek wol de nedige kânsen, mar by rêst stie it noch altyd 0-0.

It fjoerwurk siet yn de twadde helte, binnen 10 minuten stie Bûtenpost mei 2-0 foar en in kertier foar tiid ek op 3-0. Dêrnei skoarden de tsjinstanners yn twa minuten twa goals en waard it wer spannend. Fiif minuten foar tiid waard it ferskil wer twa goals, mar yn blessueretiid skoarde Deurne dochs noch de 4-3 en dat wie ek de einstân.

(Advertinsje)
(Advertinsje)