Irene Schouten wint it iepen NK skeelerjen yn Hallum

19 aug 2017 - 16:52
Irene Schouten prologearret har titel yn Hallum - Foto: www.schaatsen.nl

Irene Schouten hat yn Hallum har titel op it iepen nasjonaal kampioenskip skeelerjen mei sukses ferdigene. Schouten kaam nei 60 kilometer mei grutte foarsprong op har konkurrinten oer de streek. De suskes Janita en Gerline Crediet waarden twadde en tredde.

Pleatslik favoryt Marijke Groenewoud sette yn de earste ronde de achterfolging yn op Schouten, mar koe dat yn de twadde ronde net folhâlde, wêrnei't de Crediet-froulju har foarby rieden.

(Advertinsje)
(Advertinsje)