Grouster smyt blikje út ridende auto: 440 euro boete

19 aug 2017 - 16:17
Alkoholkontrôle - Foto: ANP

In man út Grou is freed troch de plysje op de bon slingere omdat er in leech blikje út in ridende auto smiet. De plysje seach dat en sette him oan de kant. Se lieten him blaze en ha him dêrnei meinaam nei it buro. Dêr die út in oare blaastest bliken dat er tefolle dronken hie.

De Grouster krige twa bekeuringen: hy moat 140 euro betelje omdat er ôffal op strjitte smiten hat en 300 euro foar it riden ûnder ynfloed.

Trefwurden: 
blikje Grou
(Advertinsje)
(Advertinsje)