Lieuwe Westra wint de dernykoers yn Hallum

19 aug 2017 - 15:42

Lieuwe Westra hat sneon de ynternasjonale dernykoers yn it sintrum fan Hallum wûn. Yn de lêste ronde demarearre hy tegearre mei reedrider Douwe de Vries fan It Hearrenfean en âld-Hallumer, dy't twadde waard. Tredde waard shorttracker Sjinkie Knegt. Dizze dermykoers wie in ûnderdiel fan it 30e NK skeelerjen yn Hallum. Better bekend as de Bartlehiem-skeelertocht. 

Lieuwe Westra sil him de kommende wiken noch wer talizze op it riden fan hurdfytswedstriden, ûnder oare de Omloop fan De Trynwâlden. 

(advertinsje)