Oerstapte Lilipaly betanket de Cambuur-fans

19 aug 2017 - 14:29
Stefano Lilipaly - Foto: Dijks Fotografie

Fuotballer Stefano Lilipaly, dy't fan Cambuur de oerstap makke hat nei it Yndonezyske Bali United FC, betanket op syn Instagram-account syn fans. Lilipaly seit dat it gefoel dat er nei Yndonezië woe al langer by him spile, en dat er it net negearje koe en ek al wie er noch mar krekt by Cambuur.

Hy sjocht mei in soad wille werom op syn perioade by Cambuur, mei as hichtepunt it beheljen fan de heale finale fan de KNVB-beker. Hy betanket syn fans en de spilers en stêf en seit dat er hopet dat de klup dit seizoen berikt wat ferline seizoen krekt net slagge.

(Advertinsje)
(Advertinsje)