Skûtsjesilen IFKS by Hylpen giet net troch fanwege hurde wyn

It skûtsjesilen fan de IFKS sneontemiddei yn Hylpen giet net troch. Earder waard al dúdlik dat it te hurd waait foar de lytse a-klasse, dy't om kertier foar ienen begjinne soe. Sneontemiddei is besletten om ek de wedstryd fan de grutte A-klasse net trochgean te litten. Der stiet te folle wyn.
De wedstriden foar beide klassen wurde letter dizze wike ynhelle, mar wannear is noch net dúdlik. De B- en de C-klasse hawwe sneontemoarn wol gewoan syld.