Kollum: ''Rydbewiis''

19 aug 2017 - 09:21

''Dizze wike stie der in prachtich artikel yn de Volkskrant oer autoriden leare yn België. Doe’t ik it lies, krige ik in deja vu, want sa as de Belgen it dogge, sa ha ik it ek leard. En foar de jittikmigers mei it wetboek yn de hân en oare polityk korrekte seurkonten sil ik der daliks mar oan taheakje: Ik ha yn 30 jier gjin inkelde oanriding hân, myn no claim is maksimaal en ik ha nea in bekeuring krigen foar roekeleas riden. Wol foar te hurd riden, mar dat sil jim grif ek wolris oerkaam wêze.

De Belgen dogge it autoriden learen krekt even wat oars as hjir. De bern leare it fan harren famylje of kunde. Dy ha de ûnderfining en bringe dat op de bern oer. Eins hiel natuerlik, hjir moat alles neffens it boekje, alles ticht timmere mei regels oer fersekere wêze en oare grapmakkerij.

De Belgen lûke harren eigen plan. Dy soargje dat de bern it riden goed ûnder de knibbel ha en dan helje se mei ien as twa kear it rydbewiis. De rydskoallen sille dêr dus wol net as poddestuollen út de grûn sjitte sa as hjir yn Nederlân.

No tinke de measten fansels dat soks allinnich yn België kin. No, ik tink dat dat even oars leit. Wy sieten mei seis jier al achter it stjoer fan de trekker om dy yn de ûngetiid tusken de heapakjes troch te riden. En op de boerehiemen sil dat noch altyd sa gean. Wy learden it riden mei trekkers en auto’s ek fan de famylje. Myn broer hat my it autoriden leard. Hy ried troch Nijskoat en sette de auto oan it begjin fan Rotstergaast oan de kant en sei: ‘No do mar even.’ Ik wie in jier as fyftjin, skat ik. Mar it gefoel fan de koppeling komme litte hie ik op de trekker al jierren oefene, dus wie it allinnich de hegere snelheid dêr’t je noch oan wenne moasten. De trekkers fan hjoeddei ride hast fyftich, dus dy stap ha de bern fan no ek al meimakke.

Doe’t ik kwa leeftyd dan einliks foar myn rydbewiis mocht, bedarre ik yn De Knipe by rydskoalle Arie Hermus. ‘Heb je wel eens eerder in een auto gereden,’ frege dy by de earste les. Nei in oere riden sei er dat er daliks mar oanfreegje woe. ‘Rijden kun je wel, het gaat nog om de kleine dingen.’

Ik seach nammentlik net neidruklik genôch yn de spegels en sa. Dat ha ik yn stik as wat leskes leard en doe mocht ik ôfride. Ik bin ek daliks slagge, nettsjinsteande dat ik in yngreep hie. Wy moasten doe noch ôfride by hotel Reitsma oan de ein fan de Fok op It Feen. En dêr wie mar in lyts parkearplakje. It eksamen gie goed, mar doe’t ik achterút ynparkearje soe, kaam der noch ien it parkearterrein op. Der wie oars gjin plak dan neist dêr’t ik hinne soe, mar ik moast earst al út de wei, oars koe de oare auto der net del. Dus ik ried troch. De eksaminator trape op de rem. ‘Je rijdt door terwijl er een andere auto aankomt. Dat mag niet,’ bromde hy.

‘Waar moet die auto staan?’ frege ik. De eksaminator seach om him hinne en kaam krekt as ik ta de konklúzje dat der oars gjin plak wie. ‘Je hebt gelijk, maar toch mag het niet,’ sei er. Yntiids stie Arie Hermus yn it hotel foar it rút te skodholjen, dy tocht dat ik hartstikke sakke wie. Mar ik krige myn rôze papierke wol. Mei tank oan myn heit en myn broer, dy’t my it riden op de Belgyske wize leard ha.''

(Advertinsje)
(Advertinsje)