Danny Noppert ek dit jier wer op Finder Darts Masters

Danny Noppert yn aksje yn Egmond © Omrop Fryslân, Mats Gies
Darter Danny Noppert fan De Jouwer hat him foar de fjirde kear yn syn karriêre pleatst foar de Finder Darts Masters. Dat is it iennige offisjele telefyzjetoernoai dat yn Nederlân hâlden wurdt, yn desimber yn Egmond oan See. Noppert is as fiifde pleatst foar it darttoernoai, dat eartiids wûn waard troch bekende nammen as Raymond van Barneveld en Gary Anderson.
De Jouster darter die it by syn eardere optredens yn Egmond ek net min, twa jier lyn berikte er noch yn de heale finale fan it toernoai.