Djoere Bentley klapt op talúd by de Sintrale As

19 aug 2017 - 08:03

In Bentley is freedtejûn fan de dyk rekke by De Westereen. Yn de auto sieten trije minsken en twa hûnen. Trije ambulânsen en meardere brânwachtauto's binne útriden nei it ûngelok. Ek de traumahelikopter waard oproppen. De dyk waard troch de plysje ôfset. Alle trije ynsittenden rekken ferwûne. Se binne mei ûnbekende ferwûningen nei it sikehûs brocht.

De auto kaam efkes foar tsienen troch ûnbekende oarsaak oan de ferkearde kant fan de fangrail telâne en skeat dêrnei by in talúd omheech. Ien fan de hûnen koe fuortendaliks oerdroegen wurden oan de biste-ambulânse. De oare naaide nei it ûngelok út, mar koe letter ek fongen wurde. De auto mei Dútsk kenteken rekke swier skansearre by it ûngelok.

De Bentley Flying Spur hat in nijwearde fan sa'n 250.000 euro. De auto is fuort helle troch in bergingsbedriuw.

(Advertinsje)
(Advertinsje)