Jesse Bertrams: ''Het slechte gevoel overheerst''

19 aug 2017 - 07:31

Jesse Bertrams, de nije keeper fan SC Cambuur, hie him syn debút by de Ljouwerters oars foarsteld. De ploech fan trainer Marinus Dijkhuizen iepene it seizoen yn eigen stadion yn Ljouwert mei in teloarstellend resultaat. Tsjin Jong Ajax ferlear Cambuur mei 2-1 fan de Amsterdammers. ''Natuurlijk had ik mij dit anders voorgesteld, dat is logisch. We kwamen al snel met 2-0 achter, dan overheerst het slechte gevoel al snel.''

''Slechte gevoel blijft hangen''

De 22-jierrige doelman seach yn de twadde helte wol in better Cambuur op it fjild stean, mar genôch foar in punt wie it net. ''Toen zijn we er volle bak ingegaan. Dat was de ploeg die Jong Ajax kon verslaan. Maar je wilt er elk moment voor kunnen gaan, daarom blijft het slechte gevoel hangen.''

Ek trainer Marinus Dijkhuizen wie nei ôfrin net tefreden oer it optreden fan syn ploech. ''Dit is een zuur verlies'', sa sei er. ''De eerste tegentreffer was een keepersfout, de tweede was gewoon ongelukkig. Het was een hele matige eerste helft, en een behoorlijke tweede helft. Op basis daarvan hadden we zeker een gelijkspel kunnen halen. Maar we hadden vanavond moeite met de tegenstander, te veel moeite.''

Trefwurden: 
SC Cambuur fuotbal Jong Ajax
(Advertinsje)
(Advertinsje)