SC Cambuur begjint seizoen mei 2-1 ferlies tsjin Jong Ajax

18 aug 2017 - 22:22

SC Cambuur hat freedtejûn mei in teloarstellend resultaat it seizoen iepene yn it eigen stadion yn Ljouwert. Tsjin Jong Ajax waard it 2-1 yn it foardiel fan de Amsterdammers. Nei in matige earste helte helle Cambuur nei rêst alles út de kast om de achterstân fuort te wurkjen, mar dat wie net genôch.

Riante foarsprong

De iepeningstreffer wie yn de 24e minút foar Sidoel fan Jong Ajax, dy't op in ûnferwachts momint mei in dwarrelskot de 1-0 yn it doel fan Bertrams skeat. Yn de 41e minút brocht Cassierra de stân op 2-0 en sa gongen de Amsterdammers mei in riante foarsprong de klaaikeamers yn.

Kopbal

Nei rêst kaam Cambuur werom yn de wedstriid mei in treffer fan Steenvoorden, dy't de bal yn it doel fan Jong Ajax kopte fanút in korner fan Schils: 2-1. De Ljouwerters makken dêrnei jacht op de lykmakker. Der wiene kânsen genôch, mar de bal woe der net yn.

Reade kaart

Jong Ajax wie wurch en de ien nei de oare Amsterdammer foel mei kramp op 'e grûn, wat resultearre yn 6 minuten ekstra spyltiid. De Ljouwerters rekken frustrearre troch it gedrach fan harren tsjinstanner. Der wie noch giel foar Kallon en Peersman krige read fanwege in hurde aksje tsjin Cassierra. En sa moast Cambuur de lêste minuten noch mei tsien man fierder.

Trefwurden: 
SC Cambuur fuotbal
(Advertinsje)
(Advertinsje)