Nagelnije biste-ambulânse yn Noardwest-Fryslân

18 aug 2017 - 21:51

Nei hûnderttûzenen kilometers om tsientûzenen bisten te rêden, rydt der no in nagelnije biste-ambulânse yn Noardwest-Fryslân. Yn Peins stiet der no foar de doar by Hans van Riet fan Dierenambulance Dier in Nood.

De âlde wein wie grutter en brûkte dêrtroch ek folle mear disel. Boppedat stie der al hast 300.000 kilometer op 'e teller. It nije eksimplaar hie Van Riet sa'n 30.000 euro koste as hy it sels betelje moast. Mar dat hoegde net want de stichting DierenLot hat de ambulânse skonken.

Dier in Nood is aktyf yn de gemeenten Harns, Frjentsjerteradiel, de eardere gemeente Wûnseradiel, Littenseradiel, Boalsert en Menameradiel.

(Advertinsje)
(Advertinsje)