Wouter van der Steen makket basisdebút by SC Hearrenfean

18 aug 2017 - 21:20

Doelman Wouter van der Steen is de iennige feroaring yn de basisopstelling fan SC Hearrenfean tsjin Heracles Almelo. Van der Steen is de ferfanger fan Warner Hahn dy't mei in skouderblessuere inkelde wiken út de rûlaasje is.

"Vorig jaar had ik Erwin Mulder voor me en nu Warner Hahn, twee jongens die zich hebben bewezen op eredivisienivo. Nu krijg ik die kans en moet ik me bewijzen", sa seit Van der Steen. Hy is foar it grutte publyk noch in ûnbekende, mar hat dochs al sa'n 150 wedstriden yn it betelle fuotbal efter syn namme stean. Dy wedstriden hat hy spile yn tsjinst fan Helmond Sport.

Heracles Almelo soarge ferline wike foar in enoarme stunt, de ploech helle in ferrassende oerwinning op Ajax. Ek Hearrenfean spile in goeie wedstriid tsjin FC Grins, in wedstriid dy't úteinlik einige yn in 3-3 lyk spul. Dochs soarge dy wedstriid foar in dûbel gefoel by trainer Jurgen Streppel, "We hebben bij vlagen prima voetbal laten zien, maar ik denk dat we beter kunnen."

(Advertinsje)
(Advertinsje)