Gaasterlân hat soargen oer útwreiding fleanfjild Lelystêd

18 aug 2017 - 20:53

De ynwenners fan Balk en omkriten meitsje harren grutte soargen oer de útwreiding fan fleanfjild Lelystêd. De fleantugen komme yn de takomst foar in grut part oer Gaasterlân. Op de pykmominten giet it sels oer 50 fleantugen per dei. Om't se ek nochris leech oer fleane sille, is pleatslik belang Balk Vooruit benaud foar oerlêst. Se hoopje dan ek dat it noch mooglik is om de fleanrûtes oan te passen.
 

(advertinsje)
(advertinsje)