Fosfaatreduksje foar 2017 binnen it jier helle

18 aug 2017 - 18:22
Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

Nederlânske kij produsearje net langer mear dong as dat de Europeeske Uny tastiet. Nederlân bliuwt dit jier binnen de regels en behâldt sadwaande de soepele regeling dy't de EU oan Nederlânske feehâlders gunt. Dat skriuwt steatssekretaris Martijn van Dam fan Lânbou oan de Twadde Keamer. Yn it earste healjier is der 8,3 miljoen kilo minder dong produsearre. Dat is mear as de doelstelling fan 8,2 miljoen kilo dat foar dit jier realisearre wurde moast.

Nederlân mei mear dong útride as oare EU-lannen. Dy útsûnderingsposysje is hiel belangryk foar boeren, mar de regeling kaam lykwols op it spul te stean doe't boeren yn 2015 harren feesteapel flink útwreiden nei it ferfallen fan it melkkwotum. Nei ferskate maatregels lykas it slachtsjen fan 160.000 kij is der no gjin sprake mear fan in dongoerskot. Wol warskôget Van Dam dat it noch wol mis gean kin as de feesteapel dit jier dochs noch groeit. Feehâlders moatte de kommende moannen dit resultaat dêrom fêsthâlde.

(advertinsje)
(advertinsje)