Flylân bringt ôffalferwurking op it eilân yn kaart

De gemeente Flylân lit ûndersyk dwaan nei hoe't it eilân op it stuit omgiet mei de ferwurking fan ôffal en oare materiaalstreamen. It Waadeilân wol yn 2020 duorsum en enerzjyneutraal wêze. Dêrom is it belangryk om ynsjoch te krijen hokker streamen fan wetter, enerzjy, ôffal en oar materiaal der binne en hoe't dy op it eilân of just op 'e wâl ferwurke wurde.
It ûndersyk sil ein augustus útfierd wurde troch advysburo Metabolic. De ûndersikers sille prate mei gemeente en ûndernimmers. Bedoeling is om te sjen wêr't al sletten systemen binne en op hokker gebieten it noch mear ekonomysk helber is om ôffalstreamen op it eilân sels te ferwurkjen. Mooglik folget der fierder ûndersyk op de oare Waadeilannen.