FIDEO: Portret fan in Psy-Fi-besiker

19 aug 2017 - 10:15

Alie (25 jier) út Grins is operaasje-assistinte. Se is ien fan de besikers fan it Psy-Fi festival by de Griene Stjer yn Ljouwert.

Hoe soesto Psy-Fi omskriuwe?

"As in hiel iepen minded festival dêr't eins elkenien syn ding dwaan kin. Je kinne dûnsje, chille, hoelahoepe en yoga dwaan. Eins in soort miny-fakânsje, midden yn Ljouwert."

Wat is dyn kleanstyl?

"As in bytsje hippie? Al is dat wol hiel generalisearjend. It moat lekker losjes sitte en kleurryk wêze. Miskien ek wol in bytsje opfallend. Yn alle gefallen net normaal. Net stander, mar dat makket it no krekt leuk."

Foar hokker bands komsto nei Psy-Fi?

"No ik kom net perfoarst foar de muzyk. De muzyk is hiel leuk foar derby en ik harkje der foar en op it festival nei. En yn de nacht, as de muzyk hiel hurd giet, dan is it ek hiel moai om derop te dûnsjen. Mar ik kom benammen foar de leave minsken, gesellichheid en iepen minded sfear."

Wat is dyn ultime tip foar de nije Psy-Fi gongers?

"Lit it allegearre op dy ynwurkje en genietsje der foaral fan. En lit foaroardielen thús."

Trefwurden: 
Psy-Fi festival Ljouwert
(Advertinsje)
(Advertinsje)