FIDEO: Wat is Psy-Fi foar festival?

18 aug 2017 - 19:51

Psy-Fi yn de Griene Stjer by Ljouwert is ien fan de grutste, ynternasjonale feesten yn Nederlân. Yn krap in wike tiid komme hjir minsken út sa’n bytsje 100 lannen. Se komme hjir om te genietsjen fan in protte keunst en muzyk. Wiebe Kootstra is projektlieder by it festival en leit it út.

Hoe soest Psy-Fi omskriuwe?

"As in community fan in wike. It is hiel bysûnder dat der safolle ferskate misken binne dy’t op sa’n manier mei-inoar omgean. We hawwe nul ynset fan de befeiliging op it punt fan agresje. De sfear is dêrtroch super relaxed. Elkenien komt hjir ek entûsjast."

Wat is der allegearre te dwaan op it festival?

"No dêr kin ik wol in oere oer prate, mar we hawwe hjir fansels in gigantysk grut gebiet en alles hat syn eigen programmearring. Sa hawwe wy de ‘chill-out’, mei wat rêstigere muzyk. Dat is in prachtige tinte mei in grutte houtkachel yn de midden. We hawwe ek noch de ‘jam-stage’, dêr kinne misken sels muzyk meitsje. En sa is der noch folle mear te belibjen, te hearren en te dwaan."

Foar wa is it festival?

"Foar elkenien."

Is it festival wol foar nochtere Friezen?

"Ja, jawis!  Dat sjogge wy yn de statistiken werom. We dogge ek in protte mei lokale partijen sa as opliedingen, bedriuwen en it grutste diel fan de frijwilligers komt út Ljouwert. Dêrneist jouwe we in protte jild út oan de lokale ekonomy. Sa besykje we der ek te wêzen foar de nochtere Fries!"

Wêrom fynt Psy-Fi plak yn Ljouwert?

"Om’t dit ien fan de moaiste gebieten is om in evenemint te hâlden en it set Ljouwert ek moai op de kaart."

Hoefolle besikers komme dit jier op it festival ôf? Wêr komme de besikers wei?

"We hawwe in fergunning foar 15.000 misken en dêr sitte we no ek sawat oan. Se komme út bygelyks Israel, Portugal, Súd-Afrika en Hongarije binne lannen dêr’t de Goa-kultuer mei psychedelic trancemuzyk hiel grut is."

Wat is it drugsbelied fan Psy-fi?

"We hawwe hiele dúdlike húsregels. En ja: der wurdt brûkt, mar dat binne benammen de saneamde ‘downers’. Silst hjir hast gjin speed of kokaïne fine. Allinnich legale ‘smart middelen’. We hawwe hjir wol in spesjale ‘Psy-care’ foar brûkers mei fragen of problemen oer it brûken fan ‘smart middelen’."

Psy-Fi duorret oant en mei snein, wat is it hichtepunt fan it festival?

"Dat is foar elkenien oars. Sels fyn ik de einshow mei de lasers it moaist. Oant 12 oere hawwe wy muzyk fan de headliners en dan is der oer it wetter in prachtige lasershow. Der krij ik pikefel fan." 

Trefwurden: 
Psy-Fi festival Ljouwert
(Advertinsje)
(Advertinsje)