Besikers Psy-Fi oanhâlden op fertinking fan hannel yn drugs

18 aug 2017 - 16:51

By kontrôles op it dancefestival Psy-Fi yn Ljouwert binne der ferskate minsken oanhâlden op fertinking fan hannel yn drugs. Tongersdei hat de plysje in flinke partij drugs fûn yn in tinte op it kampearterrein by it festival, dêrby siet ek harddrugs. De plysje hat hjirfoar fjouwer manlju fan 23 en 26 jier oanhâlden, út Zeist, Hilversum en Hengelo.

Freed trof de plysje twa Dútsers fan 26 en 45 jier oan mei drugs, nei alle gedachten XTC. Ek dizze manlju binne oanhâlden. De plysje ûndersiket de saak.

Trefwurden: 
drugshannel Psy-Fi
(advertinsje)
(advertinsje)