Kampioen Douwe Visser: "We ha syld as wylden"

18 aug 2017 - 16:27

"We ha syld as wylden" sei skipper Douwe Visser fan Grou nei de lêste wedstriid fan de SKS-skûtsjesilerij op de Snitser Mar. It Grouster skûtsje is kampioen dit jier. Yn 2014 wienen se dat foar it lêst. "Wat in middei wie it, we ha alles meimakke, stress, spanning en in soad wyn. It wie wol krêft seis. We koenen it risse, mar de mannen moasten wol oan de bak. We hienen gelok by de start, dy slagge wol aardich."

Protest

It wie noch even spannend doe't Súdwesthoeke in flachje deryn hong, mar neffens Grou hienen se neat ferkeard dien. It flachje waard der letter út helle. "Hearlik, it dringt no echt troch, echt super, geweldich. It wie in 'zwaarbevochten' kampioenskip, it wie gjin makje dit jier." De frou fan Douwe Visser, Aleida, sylde dizze wedstriid ek mei. "Ik stean te triljen op myn fuotten." De Fryske flagge is yn de mêst hongen.

Bearenburch

Kommissaris Arno Brok kaam mei it Steatejacht by it Grouster skûtsje mei de tradisjonele bearenburch. "It wie in hiele moaie syldei. Moai om te sjen, bysûnder om dit sa mei te krijen." Hy hat wol sân of acht dagen by de wedstriden west.

Hearrenfean

Hearrenfean is twadde wurden yn it klassemint. "Dat is echt unyk hear," seit ferslachjouwer Geartsje de Vries, "dat in debutearjend skipper dalik twadde wurdt yn it klassemint."

Skipper Sytze Brouwer is skjin oan de ein. "Ik bin hielendal nei de kloaten. It is twa wiken, hiel yntins. Je wolle graach goed presteare. Goed sile. Dat is in mentaal spultsje. Je moatte de kop der goed by hâlde. Goed foarútsjen. No, dat ha we aardich dien leau'k. No earst mar even bekomme."

Start

Hearrenfean kaam by alle wedstriden goed út de start wei. Behalve by de slotwedstriid op de Snitser Mar. "We wienen te let" seit Brouwer. "We kamen ûnder de oare skippen telâne. Doe makken we de kar om fuort te draaien, oars hienen we de pin net helle. Jammer."

"We ha de hiele wedstriid knokt. We woenen echt net foaren ta. Dat slagge. It earste rak sieten we der al wer by, ticht op de kont fan dy mannen. Douwe fan Grou sei: 'We ha echt op jim past, jim sylden sa goed, en hurd,' no, dat is in grut komplimint."

Yn de krâns

Sneontejûn om 20:00 oere wurde de kampioenen huldige yn Grou. "Yn de krâns mei Douwe en Douwe. Dat is in dream dy't útkomt!"

Alles oer it skûtsjesilen, lykas de livestream, útslaggen en de skûtsjepool is te finen op ús spesjale webside: omropfryslan.nl/skutsjesilen. Dit alles is ek op de omropapp te finen. Update dan wol earst de app fia playstore of appstore.

(Advertinsje)
(Advertinsje)