Grou kampioen nei fjildslach op Snitser Mar
It skûtsje fan Grou is kampioen wurden fan de SKS. Akkrum kaam yn de slotwedstriid by Snits as earste oer de finish, mar stie yn it klassemint sa fier achter dat se de Grousters net mear bedriigje koenen. Snits en Earnewâld striden fûl om de twadde plak. Dat wûn Earnewâld. Snits waard tredde.
In fjirde plak wie foar Grou genôch foar it kampioenskip. Foar skipper Douwe Visser is it de fjirde kear dat er kampioen wurdt. Earder die er dat yn 2014, 2009 en 2005.
Protest
Direkt nei de start krige Grou al in protest oan de broek fan de Súdwesthoeke. Yn in bakboard-stjoerboard-sitewaasje joech Grou gjin foarrang. Skipper Auke de Groot luts de reade protestflagge.
"It wie ek net in lyts bytsje dat se delhâlde moasten," seit analist Eelke Dijkstra op basis fan de bylden. "De Súdwesthoeke moast de skoat in hiel ein fiere. Dat wie oars in midskipse oanfarring wurden!" Skipper Auke de Groot toande kleminsje foar Grou en helle de flagge letter wer del. Twa dagen lyn setter er in lyksoartich protest tsjin titelkandidaat Akkrum wol troch.
Hearrenfean
It skûtsje fan Hearrenfean hie in minne start. Se draaiden, en moasten opnij begjinne. Dêrmei wie de kâns op it kampioenskip direkt fersjoen. De Feansters wisten oan de ein fan we wedstriid noch ticht by Grou te kommen, mar se kamen der net foarby. Dat hie al moatten, hie Hearrenfean kampioen wurde wollen.
Slachtoffers
Skippers en bemanningen hienen it freed swier op de Snitser Mar. De Súdwesthoeke koe de wynpûsten net fersjouwe, en sloech om. Ien persoan is mei ûnbekende ferwûningen fan board helle.
By Drachten oan board gong it ek mis. Dêr rekke op it foardek in bemanningslid ferwûne. Even gong de fok del, de rêdingsbrigade kaam oan board, mar Drachten koe de wedstriid wol útsile. Foarsitter René Nagelhout fan de SKS sei by de priisútrikking dat alles goed beteard wie.
Alles oer it skûtsjesilen, lykas de livestream, útslaggen en de skûtsjepool is te finen op ús spesjale webside: omropfryslan.nl/skutsjesilen. Dit alles is ek op de omropapp te finen. Update dan wol earst de app fia playstore of appstore.