Toeristetreintsje Ljouwert noch gjin trochslaand sukses

18 aug 2017 - 15:56

It fel giel-blauwe toeristetreintsje dat sûnt in tal wiken as 'City-tour' troch Ljouwert rydt, is noch gjin trochslaand sukses. De 3.000 passazjiers dy't nedich binne om út de kosten te kommen, wurde dit jier net helle. "Mar foar 2018 sil dat wol goed komme," ferwachtet ûndernimmer Jelle de Visser. De offisjele start fan de trein wie freed mei kultuerwethâlder Sjoerd Feitsma fan Ljouwert. Hy neamde de trein mei it each op LF 2018 in moaie oanfulling op it besteande toeristyske oanbod.

Underweis kin de passazjier yn fiif talen, wêrûnder it Frysk, ynformearre wurde oer tal fan histoaryske Ljouwerter saken. It is dan ek net allinnich in ritsje foar de aardichheid, fynt De Visser, "Us ambysje giet fierder".

De Ljouwerter City-train rydt alle dagen om 14:30 en 15:30 oere fan It Wilhelminaplein ôf.

(Advertinsje)
(Advertinsje)