Medysk ôffal yn grize kontener, strop foar Smellingerlân

18 aug 2017 - 14:58

De gemeente Smellingerlân hat in strop by de ôffalynsammeling. Woansdei is der tusken it ôffal dat fia de grize konteners ynsammele wurdt medysk ôffal fûn. Dat betsjut dat al it ynsammele ôffal fan dy dei op in oare manier ferwurke wurde moat. Dat kostet de gemeente 7.000 euro ekstra.

Smellingerlân wit net oft it ôffal fan in partikulier of fan in bedriuw komt. Medysk ôffal, sa as spuiten en medisinen, moat ynlevere wurde by de apoteek.

(Advertinsje)
(Advertinsje)