Skûtsje Súdwesthoeke slacht om yn slotwedstriid SKS

By de slotwedstriid fan de SKS is it skûtsje fan de Súdwesthoeke omslein. Ien skoateman is mei de rubberboat nei de wâl brocht. "Hy is in flink ein nei ûnderen fallen. Op de gyk. We moatte aanst mar even hearre hoe't it mei him is." seit skipper Auke de Groot fan de Súdwesthoeke. "It wie in hiele dikke flaach, dêr wie net tsjin te fieren. Jammer."
Averij
It sjocht der net nei út dat it skûtsje in protte averij oprûn hat by it omslaan, seit De Groot. "We moatte aanst de swurden noch mar even besjen. En de trommelstok is fan de mêst ôf. Mar ja, dat is eins altyd sa as je omgean."
Protest
De Súdwesthoeke hie in protestfagge yn it want tsjin titelkandidaat Grou. By in bakboard-stjoerboard-sitewaasje joech Grou gjin foarrang. It protest hie foar Grou grutte gefolgen ha kind foar it klassemint. Mar op it momint fan omslaan hie Auke de Groot fan de Súdwesthoeke de flagge al opromme. Grou hâldt dus kâns op de titel.
Drachten
By in earder ynsidint op it skûtsje fan Drachten is in bemanningslid ferwûne rekke. Hy lei plat op it foardek. De rêdingsbrigade hat oan board west om it slachtoffer te behanneljen. It skûtsje fan Drachten hie de fok del. Wat dêr krekt bard is, is net hielendal dúdlik.
Alles oer it skûtsjesilen, lykas de livestream, útslaggen en de skûtsjepool is te finen op ús spesjale webside: omropfryslan.nl/skutsjesilen. Dit alles is ek op de omropapp te finen. Update dan wol earst de app fia playstore of appstore.