Marit Bouwmeester is klear foar it WK nije wike

18 aug 2017 - 14:27
Marit Bouwmeester yn aksje

Marit Bouwmeester fan Warten wol de titel pakke op it WK fan de Laser Radial-klasse. Nije wike, fan 21 oant en mei 26 augustus, komt de ynternasjonale top yn Medemblik foar it wrâldkampioenskip. Dat binne 100 dielnimmers út 41 lannen. Olympysk kampioene Bouwmeester hat har nei de Spelen yn Rio folslein rjochte op dit WK. Neffens coach en broer Roelof Bouwmeester is Marit fit, sterk en sylt se op in goed nivo.

It WK bestiet út seis dagen mei twa races op in dei. De lêste twa dagen binne finaledagen mei fjouwer finaleraces.

Trefwurden: 
Marit Bouwmeester WK sile
(Advertinsje)
(Advertinsje)