Gearwurking korporaasjes

28 okt 2011 - 14:03
Foto: Omrop Fryslân

Wenningkorporaasjes De Wieren en Elkien slaan de hannen ynien om de kwaliteit fan hierwenten yn de gemeente Súdwest-Fryslân op peil te hâlden.

De beide korporaasjes tinke dat gearwurking mei elkoar in soad jild besparje kin. Benammen yn Snits moat der in soad ynfestearre wurde om de wenten wer by de tiid te krijen. Ek De Wieren en Elkien moatte yn de takomst sunich mei jild omgean.

(Advertinsje)
(Advertinsje)