Sweltsjewand Easterskar is grut sukses

18 aug 2017 - 12:20

De sweltsjewand dy't It Fryske Gea twa jier lyn oanlein hat by it Easterskar by Sint-Jânsgea hat in rindemint fan hûndert prosint. Alle 105 gatten yn de betonnen wand binne brûkt troch de ierdswel. De sweltsjes komme ein maart, bringe hjir de jongen grut en fleane yn de hjerst nei Afrika om te oerwinterjen. Dit jier dogge de sweltsjes it sels sa goed dat in soad al mei in twadde of soms sels tredde lêch dwaande binne.

It idee foar de keunstmjittige wand is ûntstien doe't in bulte grûn dy't dêr earder lein hat, in soad brûkt waard troch de ierdswel. By de oanlis fan dizze foarsjenning hat It Fryske Gea finansjele stipe hân fan meardere fûnsen.

De flearmûzekelder, dy't oan de achterkant fan de sweltsjewand oanlein is, hat lykwols noch gjin bewenners hân. Mooglik dat de flearmûs krekt wat mear tiid nedich hat om it nije plak te finen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)