Betize Ljouwerter oanhâlden foar brân yn eigen wenning
In 73-jierrige man út Ljouwert is tongersdei oanhâlden op fertinking fan brânstifting. Yn syn hûs oan de Van der Kooijstrjitte bruts tongersdeitemiddei brân út. De plysje wie rap by de brân en koe de eigener fan de wenning oanhâlde. Om't de man yn de war wie, is de helpferliening ek ynskeakele.