Heger berop Akkrum ôfwiisd: puntetelling SKS feroaret net

De sylried fan de SKS hat it heger berop fan Akkrum freed ôfwiisd. Dat betsjut dat it klassemint net feroaret. "Dit is de uitspraak. Hier moet u het mee doen. En no sile bliksem!" sei de foarsitter fan de sylried by it rûtebesprek.
Skipper Pieter Meeter fan Akkrum wie yn berop gong tsjin de behanneling fan it protest dat Auke de Groot fan de Súdwesthoeke tsjin him yntsjinne hat. Neffens Meeter wie der in foarmflater makke.
Alles oer it skûtsjesilen, lykas de livestream, útslaggen en de skûtsjepool is te finen op ús spesjale webside: omropfryslan.nl/skutsjesilen. Dit alles is ek op de omropapp te finen. Update dan wol earst de app fia playstore of appstore.