Frou (63) út Zaandam jout plysje in klap

18 aug 2017 - 11:06
Foto: ANP XTRA

In 63-jierrige frou út Zaandam hat tongersdeitemiddei in boete fan 800 euro krigen foar it misledigjen en slaan fan de plysje. De frou stie mei in camper by de Grutte Wielen, doe't se oansprutsen waard troch Ljouwerter tasichthâlders. De frou misledige de tasichthâlders, wêrnei't de plysje ynskeakele waard.

Ek de plysje waard misledige en boppedat krige in agint in flinke klap yn it gesicht. Doe't de plysje har oanhâlde woe, fersette de Zaandamse har bot. De plysje koe har mei it nedige geweld úteinlik yn de boeien slaan. Nei ûndersyk krige se in bon fan 800 euro presintearre.

(Advertinsje)
(Advertinsje)