Ljouwerter pakt foar stellen fan games
De plysje hat tongersdeitemiddei yn in winkel oan De Centrale yn Ljouwert in 27-jierrige Ljouwerter oanhâlden foar stellerij. De man hie trije games meinaam sûnder te beteljen. De buit hie in wearde fan mear as hûndert euro. De man moat 2 oktober foar de plysjerjochter ferskine.