Peter Tuinman op 'e nij te sjen yn Soldaat van Oranje

18 aug 2017 - 10:36
Foto: ANP

Akteur Peter Tuinman is op 'e nij te sjen yn de musical Soldaat van Oranje. Hy spile earder al de rol fan François van 't Sant, de haadkommissaris fan de plysje en fertrouweling fan keninginne Wilhelmina. Yn de nije foarstellingen krûpt Tuinman op 'e nij yn de hûd fan de haadkommissaris. De Fryske akteur is net yn alle foarstellings te sjen, want hy dielt de rol mei kollega Raymond Paardekooper.

(Advertinsje)
(Advertinsje)