Piet: Simmerwaarmte komt werom

Piet Paulusma, simmer, Simmer yn Fryslân © Loekie Hogeveen
Komt de simmerwaarmte noch werom dizze fakânsje? Neffens waarman Piet Paulusma al. Under ynfloed fan eks-orkaan Gert wurdt it nije wike waarmer. De depresje dêr't dizze eks-orkaan yn opnommen wurdt komt moandei oan de westkant fan Ierlân te lizzen en bringt in legedrukgebiet dat de dagen dêrnei oer Europa lûkt yn de rjochting noard en noardeast.
Dêrtroch waarmet it by ús flink op en komme de temperatueren boppe de 25 graden te lizzen. Woansdei liket de waarmste dei te wurden. Wol is der ek kâns op in pear swiere tongerbuien.