Doelman Warner Hahn hat pear wiken rêst nedich

18 aug 2017 - 09:57
Foto: Martin de Jong

Sportklup Hearrenfean moat it in pear wiken dwaan sûnder doelman Warner Hahn. De goalie rûn ferline wike yn de wedstriid tsjin FC Grins in blessuere oan it skouder op. Ut ûndersyk hat bliken dien dat Hahn inkele wiken rêst nedich hat om folslein te better te wurden. Hy mist de kommende duels tsjin Heracles Almelo en ADO Den Haag. Hjirnei folget in ynterlân-perioade, dêr't de keeper ekstra tiid yn hat om better te wurden.

(Advertinsje)
(Advertinsje)