Kollum: "Wurkje mei de hannen"

18 aug 2017 - 08:30
  • De Toan fan Hilda Talsma

"Der is in tekoart oan minsken dy't wurkje mei de hannen. Minsken fan de praktyk. En ik tink dat it foar in grut part oan it ûnderwiis leit. Der binne genôch bern dy't praktysk oanlein binne, mar der binne hast gjin skoallen mear dêr't se fatsoenlik in fak leare. Dêr komt by dat de basisskoalle sokke bern ek amper mear wat te bieden hat, sadat de bern tusken wâl en skip bedarje. En dat is sa spitich. 

Wy kinne der oer meiprate want ien fan ús soannen die op it VMBO de rjochting Mobiliteit en Engineering. Prachtige wurden, mar mei it eksamen moasten se in fûgelhûske meitsje fan hout. De broek sakke my ôf doe't ik dat hearde en it is ek gjin wûnder dat dy bern net motivearre binne. Jou sokke jonges fan dei ien ôf goed praktykûnderwiis, dan binne se nei fjouwer jier folle mear mânsk. 

It is ek bêst wol dreech in goede skoalle te finen en lang net alle opliedingen slute goed oan op it bedriuwslibben. Us eks-VMBO'er hat ek alris feroare fan rjochting op it MBO. Mar hy sit no ien dei op skoalle en wurket fjouwer dagen op de werf. Dat betsjut moarns betiid der ôf en oan de bak. Nea de earste trije oeren frij of twa tuskenoeren, mar leare troch te wurkjen en de beuk moat der yn. Want wannear leare jo in fak? Troch oeren en flaters te meitsjen. En dingen te werheljen. Krekt salang oant jo der flau fan binne, mar úteinlik ha jo it yn 'e macht en ferjitte jo it nea wer. 

Allinnich learaar wêze is ek in fak. Mar hoe goed binne de opliedingen om learaar te wurden noch? De kleau tusken it praktykûnderwiis en it bedriuwslibben wurdt hieltyd grutter. En by de bedriuwen giet der in soad tiid ynsitten om de staazjerinners it measte ôf te learen wat se op skoalle dien ha. Al dy hippe moderne skoallen kinne like goed slute as der net better les jûn wurdt. Guon bern hawwe bytiden mear oeren frij as dat se yn de lokalen sitte. En in learaar is hjoed-de-dei faak in coach, dy't de ferantwurdlikheid by de learling delleit. 

Ik ha eartiids in jier op de Pabo sitten en ik fûn it mar in soadsje. Ik ha doe keazen foar it fak tekenjen en dy oplieding ha ik al ôfmakke. Mar doe't ik my diploma krige, frege ik my ôf wat ik no eins leard hie. Bytsje fan dit, bytsje fan dat en wy hiene in soad yn modules. Ik ha der wol diskusjes mei leararen oer hân. Hoe't der fan ús ferwachte waard om bern wat te learen wylst we it sels amper hân hiene. Tsien wiken dit, fiif wiken dat, en úteinlik ha jo wol in hiel soad dien mar neat goed leard. 

Wat ik dêr wol leard ha troch it staazjerinnen is dat der hiel minne learkrêften binne. En dy sieten nei de les yn de kofjekeamer oer de bern te seuren. Dan hiene jo earst skodholjend de gaos yn de klasse bywenne en dan wie it de skuld fan de bern. Wylst in goede learaar lêze en skriuwe koe mei deselde klasse.

Oer in pear wiken fytse in soad bern wer fol goede moed nei de nije skoalle ta. Om der letter ek efter te kommen dat se amper wat leard ha. Dan is it te hoopjen dat se op in goede ferfolchoplieding en op in goed learwurkbedriuw telâne komme. Dus bedriuwen, jou de bern net op. Jim binne yn in soad gefallen de rêding."

Trefwurden: 
De Toan fan Hilda Talsma
(advertinsje)