Cambuur Verbindt traktearret jongeren op fergeze fakânsje

18 aug 2017 - 07:20

De stifting Cambuur Verbindt organisearret dit wykein in bysûnder fakânsjewykein foar sa'n 16 jongeren út Ljouwert dy't dizze simmer net op fakânsje sille. Sy wurde dit wykein 'ferwend' troch de Ljouwerter fuotbalklup Cambuur. De stifting Cambuur Verbindt hat spesjaal foar dizze jongeren regele dat se yn hotel PostPlaza sliepe meie en VIP's binne by de wedstriid Cambuur tsjin Jong Ajax. De jongeren wurde oeral hinne brocht yn de spilersbus fan de klup.

It giet om jongeren dy't troch harren finansjele thússituaasje net op fakânsje kinne. Doel is dat se oan it begjin fan it nije skoaljier ek wat te fertellen hawwe as harren frege wurdt nei de fakânsje.

(Advertinsje)
(Advertinsje)