Postma werom yn kearnploech

28 okt 2011 - 14:07

Siler Pieter-Jan Postma fan Terkaple keart definityf werom yn de Nederlânske kearnploech. Twa jier lyn stapte Postma út de ploech, fanwege ûnienichheid oer syn trainer. De partijen ha de sitewaasje útsprutsen en it fertrouwen is neffens Postma oan beide kanten werom. Postma docht yn desimber mei oan it wrâldkampioenskip yn de Finn-klasse. As hy by de earste acht einiget is hy wis fan de Olympyske Spelen. Hy hat al in nominaasje foar Londen 2012.

(Advertinsje)
(Advertinsje)