Frysk CDA: Mauro moat bliuwe

28 okt 2011 - 12:49
Foto: Omrop Fryslân

De measte Fryske CDA'ers fine dat de Angoleeske Mauro in ferbliuws-fergunning krije moat. Op it hjerstkongres sneon yn Utrecht sille CDA'ers út it hiele lân har oer de kwestje útsprekke. It kongres liket dêrtroch op 'e nij spannend te wurden. De Twadde Keamerfraksje fan it CDA is foar útsetting fan de 18-jierrige Mauro. Mar dissidinten Ferrier en Koppejan binne it dêr net mei iens. Earder leine dizze leden ek al dwers by de gearwurking mei de PVV.

(Advertinsje)
(Advertinsje)