Vandenbussche werom tsjin ADO

28 okt 2011 - 13:16

Doelman Brian Vandenbussche is hersteld fan syn polsblessuere en stiet sneon yn de thúswedstriid tsjin ADO Den Haach tusken de peallen. Dat is de ienige wiziging dy't trainer Ron Jans trochfiert yn fergeliking mei de bekerwedstriid tsjin Harkemase Boys. Vandenbussche ferdraaide yn de warming-up foarôfgeand oan it bekertreffen syn pols en naam it beslút om net te keepen. Syn ferfanger René Oosterhof sit tsjin ADO net op de bank. Jans jout de foarkar oan Kenny Steppe.

(Advertinsje)
(Advertinsje)