Van Boxel opnij yn de basis

28 okt 2011 - 13:22

Robert van Boxel begjint snein opnij yn de basis by Cambuur tsjin Sparta. Ferline wike wie it ferrassend dat de ferdediger begjinne mocht, om't hy lang út de rûlaasje wie mei in swiere blessuere. Mar ek no't Mart Dijkstra wer ynsetber is nei in skorsing, kiest de technyske stêf foar Van Boxel.

Dêrneist begjinne ek keeper Marco Bizot en ferdediger Jonathan Vosselman wer yn de basis. Bizot komt werom fan in blessuere oan de hân, Vosselman wie passeart tsjin FC Oss.

(Advertinsje)
(Advertinsje)