Dong ferwaarmet swimbad

28 okt 2011 - 12:36

By Stiens is begûn mei de oanlis fan in biogaslieding fan in boerepleats nei it swimbad it Gryn ta. Mei it gas dat helle wurdt út de dong sil it swimbad elektrisiteit opwekke en it swimwetter waarmhâlde. In foar Fryslân unyk projekt. It smyt foar it swimbad in grutte besparring op, en it is ek nochris goed foar it miljeu. Yn maart moat de ynstallaasje draaie. It betsjut net dat it swimbadkaartsje goedkeaper wurdt.

Trefwurden: 
swimbad Stiens dong biogas
(Advertinsje)
(Advertinsje)