Wer besunigings Smellingerlân

07 jun 2012 - 15:05

De gemeente Smellingerlân moat de kommende jierren nochris oardel miljoen euro ekstra besunigje. Dat docht bliken út it finansjeel perspektyf oant 2016. Earder waard al fjouwer miljoen euro besunige op de begrutting.

Boargemaster en wethâlders wolle no snije yn it ûnderhâld fan diken en it iepenbiere grien. Fierders komt der minder jild beskikber om achterstannen yn it ûnderwiis fuort te wurkjen, foar skoalswimmen en foar kursussen foar âlderein. De gemeentlike lesten gean takom jier nei alle gedachten mei goed twa persint omheech.

De gemeenteried praat ein dizze moanne oer de besunigingsplannen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)