Fermist nei eksploazje Italië

It gesin dat nei in gaseksploazje yn Italië fermist wurdt, komt út Wâldsein. It giet om in man, in frou en in jonkje fan 1,5 jier âld. Se wiene by famylje fan de man, dy't fan Italiaanske komôf is, op besite. It Fryske gesin wie útfanhûs yn in hûs yn it Súd-Italiaanske Conversano.
De wente en de wente dêrneist stoarten troch de gaseksploazje yn. Tsien minsken rekke ferwûne. De Friezen wurde noch hieltyd fermist. De famylje yn Nederlân wurdt troch bûtenlânske saken op de hichte hâlden.
'We hebben nog hoop, maar rekenen op het ergste', seit in skoansuser fan de fermiste frou.