Gosse Bootsma ferstoarn

28 okt 2011 - 11:30
Foto: Omrop Fryslân

Fraksjefoarsitter Gosse Bootsma fan Gemeentebelangen Lemsterlân is yn de nacht fan woansdei op tongersdei ferstoarn. Bootsma wie earnstich siik. Hy siet sûnt oktober 2007 yn de gemeenteried fan Lemsterlân. Dêrfoar hie er ek lanlike aspiraasjes.

Yn 2002 stie Bootsma op it 6e plak by Leefbaar Nederland by de Twadde Keamerferkiezings, mar hy waard úteinlik net keazen. Bootsma wie ek direkteur fan de IJsselhallen yn Swolle. Bootsma is 69 jier wurden.

(Advertinsje)
(Advertinsje)