Saak dea Snitser útsteld

De behanneling fan de saak tsjin de haadfertochte fan de dea fan in 46-jierrige Snitser yn febrewaris fan dit jier is foarearst útsteld. De man moat earst troch in psychiater ûndersocht wurde foar't syn saak ynhâldlik behannele wurde kin. Dat seit de rjochter hjoed. It slachtoffer waard yn febrewaris dea oantroffen yn in hûs op It Hearrenfean. De rjochtsaak tsjin de twa oare fertochten kin hjoed wol trochgean.