Ferwûnen by ûngelok Westerdyk

28 okt 2011 - 10:59
Foto: Omrop Fryslân

By in ûngelok op de N361 by Ryptsjerk binne freedtemoarn in man en in frou ferwûne rekke. It giet om de ynsittenden fan twa auto's dy't troch noch ûnbekende oarsaak meielkoar yn botsing kamen.

It manlike slachtoffer koe sels út de auto komme, de frou moast der troch de brânwacht úthelle wurde. Beide binne nei it sikehûs brocht. De dyk hat in skoft ôfsletten west foar it ferkear.

(Advertinsje)
(Advertinsje)