Hearrenfean oerwaget stappen

28 okt 2011 - 09:51

Sportklup Hearrenfean oerwaget mooglike juridyske stappen tsjin Omrop Fryslân, fanwege de berjochtjouwing oer direkteur Robert Veenstra. De Omrop brocht tongersdei nei bûten dat Veenstra sein hat dat er gokt hat op de útslach fan de wedstryd Hearrenfean-Harkemase Boys. Hy hie de útslach goed en sei tsjin Omrop-sjoernalisten dat er dêr 390 euro mei wûn hat. Veenstra is yntusken frege om tekst en útlis te jaan troch de KNVB en de ried fan kommissarissen fan Hearrenfean.

(Advertinsje)
(Advertinsje)