Ynbraak yn leechsteand hotel

28 okt 2011 - 09:58
Foto: Omrop Fryslân

De plysje op Skylge hat tongersdei in 20-jierrige bewenner fan it eilân oanhâlden, om't dy ynbrutsen hie yn it leechsteande hotel Europa. Tsjûgen hearden dat in rút fernield waard en seagen de man by it hotel.

As de plysje de man oanhâldt hat er stellen guod by him. Derneist hie de man fernielings dien yn it hotel. Ut ûndersyk die bliken dat mear minsken by de ynbraak belutsen wiene. Twa 17-jierrige bewenners hawwe harren melden. Mooglik folgje mear oanhâldings.

(Advertinsje)
(Advertinsje)