Mishanneling yn it ferkear

28 okt 2011 - 10:02
Foto: Omrop Fryslân

In 48-jierrige man út Snits is tongersdei yn Boarnsweach mishannele, nei in rúzje yn it ferkear. De man ried oer de A7 flakby Snits, doe't in oare auto him achterop kaam. De sjauffeur dêrfan helle him nei in pear kilometer yn en snijde him ôf. Op it parkearplak fan in tankstasjon by Boarnsweach troffen de twa elkoar. Dêr krige de Snitser in klap tsjin de holle fan de oare sjauffeur. Dy naaide dêrnei út. De plysje hat yntusken it kenteken fan de fertochte.

(Advertinsje)
(Advertinsje)